Tresoar wol him mear op jongeren rjochtsje

06 nov 2014 - 15:53

Nei in yngripende ferbouwing fan in pear moannen, hat histoarysk sintrum Tresoar tongersdei in tal nije romten offisjeel yn gebrûk naam. It gebou hat mear publyksromten krigen en wol foar de takomst benammen ek jongeren lûke.

Der binne wurkplakken makke dy't it foar studinten oangenamer meitsje om te wurkjen. In groep studinten fan de Ryksuniversiteit Grins, dy't Multilingualism studearret, krijt fan septimber ôf al trije dagen yn 'e wike kolleezje yn it gebou fan Tresoar.

Ek it âlde wurdt net fergetten. Sa is der in búste fan Obe Postma ûntbleate. Postma wie ien fan Fryslâns ferneamdste ûndersikers en dichters.

Trefwurden: 
jongeren Tresoar studinten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)