Ellen van Selm beneamd as boargemaster Opsterlân

06 nov 2014 - 15:37
  • Ellen van Selm, boargemaster fan Opsterlân

De 50-jierrige Ellen van Selm is tongersdei offisjeel beneamd as nije boargemaster fan Opsterlân. Van Selm wennet yn Lelystêd en is direkteur fan har eigen konsultansybedriuw. Se wurket faak as trainer en adviseur foar gemeenten en it Ryk. Boppedat is se aktyf yn ferskate bestjoeren en hat se riedslid west foar GrienLinks. Se is no lid fan D66.

Se hat mei har stúdzje yn Bakkefean wenne. Van Selm giet per 1 desimber oan de slach yn Opsterlân as opfolger fan Francisca Ravestein.

Ravestein makke yn juny de oerstap nei Pijnacker-Nootdorp. Yn de tuskentiid wie Marian Jager-Wöltgens waarnimmend boargemaster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)