Doarpsbelang Riis skriuwt brânbrief oan gemeente

06 nov 2014 - 15:24
  • It COA hat dizze lokaasje op it each

Doarpsbelang fan de doarpen Riis, Murns en Bakhuzen beskuldiget de gemeente De Fryske Marren fan ûnbekwaam bestjoer. Se dogge dat fanwege it foarnimmen om 500 asylsikers yn Riis ûnder te bringen. Dat stiet yn in brânbrief oan de gemeente en oan it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA). Doarpsbelang fynt dat de gemeente en it COA de mienskip foar in foldédich feit stelt en de boargers net serieus nimt. Doarpsbelang is net tsjin de komst fan it AZC mar wol gau oerlis oer de oantallen en de betingsten.

Yn de brief wurdt melding makke fan freed as datum foar de ûndertekening fan it hierkontrakt tusken it COA en Tom Genee, de eigener fan Mooi Gaasterland. Dit is it kompleks dêr't de asylsikers ûnderbrocht wurde moatte. Doarpsbelang easket dat de ûndertekening útsteld wurdt. De brânbrief is opsteld nei in gearkomste woansdeitejûn fan doarpsbelang en de wurkgroep dy't muoite hat mei it grutte oantal asylsikers. Under ynwenners en ûndernimmers wurdt in hantekeningaksje hâlden om de ûnrêst kracht by te setten.

Lês hjir de brief

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)