Befrijing wurdt yn Fryslân grut fierd yn 2015

06 nov 2014 - 12:23

Yn maaie 2015 sil Fryslân de befrijing fan 70 jier ferlyn grut fiere. Lykas 20 jier lyn komme in oantal Kanadeeske feteranen nei Fryslân om by de aktiviteiten te wêzen. Se wolle ek bern en bernsbern meinimme nei ús provinsje. Yn 1995 wie der in tocht fan âld en wat nijer legermateriaal. Dat sil no ek wer plakfine. De tocht rint troch de hiele provinsje.

Ek yn de Prinsetún yn Ljouwert sille ferskate aktiviteiten plakfine. Sa sille der bygelyks amfibyfoertugen it wetter yngean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)