Wethâlder jout pûdsjes sûkeladejild oan studinten

06 nov 2014 - 12:16

De Ljouwerter wethâlder Harry van der Molen hat tongersdeitemoarn fergees jild útdield. Hy die dit op it stasjon yn Ljouwert. It gie om pûdsjes mei sûkeladejild. Hy joech dit oan studinten mei as doel de jongeren neitinke te litten oer jildsaken en sa foar te kommen dat se djip yn de skulden reitsje.

Op ynternet kin je sels in test dwaan om út te finen oft jo tefolle jild oer de balke smite. Dat kin op www.slimmespenders.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)