Primeur: wâlbeskoeiïng fan plestik flessen

Lankhorst Recycling yn Snits hat tongersdei in nije, eigen ûntwikkele, wâlbeskoeiïng presintearre. De beskoeiïng is makke fan plestik fleskes en is der kaam yn gearwurking mei de gemeente Súdwest-Fryslân. Yn stee fan peallen, wurde tenei keunststof panielen brûkt. Se binne stiver en kinne makliker pleatst wurde as oare materialen.
De gemeente Súdwest-Fryslân hie tongersdei de primeur mei de earste panielen yn de Frjentsjerterfeart yn Snits, mar neffens Lankhorst is der al in soad belangstelling foar de útfining.