CBO net tefreden oer antwurden minister Ascher

06 nov 2014 - 11:01

Jan Sijtsema fan it CBO, de organisaasje foar kristlik basisûnderwiis yn Fryslân, is net tefreden mei de reaksje fan minister Lodewijk Ascher op de fragen oer de nije flekswet. De nije wet 'Werk en Zekerheid' ferplichtet wurkjouwers om minsken nei trije tydlike kontrakten yn fêste tsjinst te nimmen. Mar dat smyt problemen op foar basisskoallen, dy't in soad mei ynfallers wurkje om sykte en ferlof op te fangen.

Twadde Keamerlid Pieter Heerma fan it CDA hat fragen oan de minister steld oer dit probleem.

De minister joech oan dat Fryske basisskoallen gebrûk meitsje moatte fan ynterne fleksibiliteit en saneamde ferfangingspools om sykte of ferlof op te fangen. Dat docht de ûnderwiisorganisaasje al, seit Sijtsema.

Mar dochs bliuwe der problemen mei it finen fan ferfanging om't de ôfstân tusken skoallen yn Fryslân grut is. In ferfanger út Snits kin as se moarns om acht oere belle wurdt, net om healwei njoggenen yn Dokkum foar de klasse stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)