De Moanne bringt festivalnûmer

Tiidskrift De Moanne © Omrop Fryslân, Diana de Groot
Literêr tiidskrift De Moanne en it kultureel festival Explore the North sille yntinsyf gearwurkje. Minsken dy't in kaartsje bestelle foar it festival op 28 en 29 novimber krije it tiidskrift op de matte, dat hast folslein bestiet út artikels oer it festival.
Ek sil De Moanne op har webside rom oantinken jaar oan Explore the North, dat dit jier yn it ramt stiet fan muzyk en ferhalen op ûnferwachte plakken yn Fryslân.