Ambassadeur Israel nei Fryslân
De ambassadeur fan Israel, Haim Divon, sil freed tegearre mei syn frou in besite bringe oan Fryslân. De ambassadeur kriget in rûnlieding op de Dairy Campus yn Ljouwert en Tresoar. Ek sil er mei boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert in kuier meitsje lâns Joadsk erfguod yn de Fryske haadstêd.