Hinder skipfeart by Grins

De skipfeart kin op dit stuit gjin gebrûk meitsje fan de farwei tusken De Lemmer en Delfsyl fanwege problemen mei de Borgbrug oer it Eemskanaal by de stêd Grins. Woansdeitejûn farde in binnenfeartskip tsjin dizze brêge oan, wêrtroch't it beweechbere diel fan de brêge ûntset is. De brêge kin net mear goed ticht. Ek automobilisten wurde dêrom omlaat.
Rykswettersteat hopet de problemen dit wykein wer oplost te hawwen, sadat al it ferkear wer gebrûk meitsje kin fan de brêge.
De skipfeart hat bot lêst fan de stremming. Allinne fan befrachtingskantoar Waterland bevrachtingen, lizze der al 8 oant 10 skippen fêst troch de stremming. It kantoar is no dwaande de klanten dêroer te ynformearen en besiket ekstra skippen te regeljen om it ferfier dwaan te kinnen. Waterland hopet dat de stremming gau foarby is, mar hat lûden heard dat earst snein de brêge derút takele wurdt en dat dan pas de skipfeart der wer del kin.