Húshâldlike help te gau skrast

05 nov 2014 - 21:48

Ferskate gemeenten yn Fryslân hannelje yn striid mei de wet by it skrassen fan húshâldlike help oan âlderein mei yngong fan jannewaris 2015. Dat seit Soarchbelang Fryslân. Húshâldlike help skrasse of fersoberje is wetlik allinnich tastien nei in persoanlik petear mei de ûntfanger fan de help en in ûndersyk.

Minsken dy't húshâldlike help kwytreitsje sûnder dat der sa'n petear en sa'n ûndersyk west hat, meitsje in goede kâns dy help te hâlden as se tsjin it beslút yn berop gean, seit Margreet de Graaf fan Soarchbelang Fryslân.

De gemeente Hearrenfean nimt wat mear tiid foar de oergong fan de húshâldlike help. De measte minsken yn dy gemeente dy't no húshâldlike help hawwe, hâlde dy ek yn de earste moannen fan 2015. De gemeente giet meikoarten wol los mei yntinsive foarljochting oer alle feroarings yn de soarch. Alle minsken dy't húshâldlike help hawwe kinne yn petear mei in 'meitinker' om mei harren op syk te gean nei oplossing dy't it bêste by har persoanlike situaasje passe. De ynset is dat ien dy't ôfhinklik is fan húshâldlike help tusken wâl en skip falt, sa seit wethâlder Zoetendal fan Hearrenfean. Zoetendal is dan ek fernuvere dat syn gemeente yn Binnenlands Bestuur neamd wurdt as in gemeente dy't net soarchfâldich genôch opereare soe. Dat is neffens him absolút net it gefal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)