Ekstra stipe foar krimpregio

De seis gemeenten fan Noardeast Fryslân hâlde hope op ekstra stipe fan it ryk. Woansdei prate de Twadde Keamer oer de stipe oan saneamde krimpregio's. Dat is Noardeast Fryslân noch net, mar minister Stef Blok fan Wenjen liket dy mooglikheid noch wol iepen te hâlden. Dat wie earder net sa.
De SP, de PvdA en it CDA stypje it foarstel om Noardeast Fryslân as krimpregio oan te wizen. De seis Fryske gemeenten wolle in brede stipe fan it Ryk mei ûnder oare minsken en jild.