Winkelje Drachten stimulearje

05 nov 2014 - 17:05

Yn Drachten komt gjin brede trochbraak tusken Suderbuert en Riedhúsplein. Dêrfoar soe in gebou sloopt wurde, mar dy sloop giet net troch. Der is 2 miljoen euro útlutsen foar it it winkelsintrum fan Drachten. It kolleezje fan Smellingerlân stekt it jild yn bettere rûtes foar it winkeljend publyk. Der moat ek ynvestearre wurde yn sfear, ljocht, lûd en saneamde ynteraksje tusken winkels en publyk. Dat stiet yn de fisy fan B&W op de detailhannel yn Drachten.

It kolleezje folget it advys fan Cor Molenaar, in ekspert op it mêd fan winkeljen.

Op 25 novimber wol it kolleezje mei belutsenen en ûndernimmers prate oer de fyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)