Unrêst oer beslút Pasana

05 nov 2014 - 16:47
  • De Spiker yn Ternaard

By bewenners en meiwurkers fan de trije soarchsintra fan Pasana dy't slute moatte, is in soad ûnrêst. It is ûnwis oft bewenners yn itselde doarp bliuwe kinne, en oft se noch wol deselde soarch krije. Ien fan de soarchsintra dy't ticht moat, is de Spiker yn Tenaard mei plak foar 70 âlderen en der binne noch in tal oanleunwenningen. Ynwenners fan Ternaard tinke dat it ferdwinen fan de Spiker in grut ferlies is foar it doarp.

Op It Amelân is de klap ek hurd oankaam. De gemeenteried hat him meardere kearen útsprutsen oer behâld fan De Stelp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)