Nêstwand om iisfûgel te helpen

05 nov 2014 - 16:30

Yn Lippenhuzen wurdt freed in nêstwand foar iisfûgels oanlein. It makket diel út fan in projekt wêrby't de iisfûgel op tsien plakken holpen wurdt in briedplak te finen. Alle lokaasjes binne yn Súdeast-Fryslân.

It doel is om de fûgel bliuwend in plakje te jaan yn dizze streek. It beeklânskip dêr is tige geskikt foar de fûgel, mar it oantal iisfûgels is wat werom rûn troch ûnder oare strange winters.

Trefwurden: 
Lippenhuzen iisfûgel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)