Frou út Harinxmakanaal rêden

29 feb 2012 - 07:45

In frou (47) út Bergen op Zoom is woansdeitemoarn betiid op de Fahrenheitwei yn Ljouwert it Van Harinxmakanaal ynriden. Se koe sels út de auto komme en is nei de oare kant fan it kanaal swommen om út it wetter te kommen. Doe't dat dêr net slagge is se wer nei de oare kant swommen. In taksysjauffeur dy't fierderop stie te tanken hearde har roppen en hat har út it wetter helle. Se hie doe al hast 25 minuten yn it wetter lein. Se wie ûnderkuolle en is mei de ambulânse nei it sikehús brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)