Langwarder Wielen útdjipje

05 nov 2014 - 13:55

It wetter by Langwar wurdt útdjippe. It moat op alle plakken 2,30 meter djip wurde. No binne de Langwarder Wielen op guon plakken mar ien meter djip en dat soarget neffens de gemeente foar oerlêst. Benammen de rekreaasjefeart hat lêst fan it ûndjippe wetter. Der komme in soad boaten fêst te sitten.

Mei it útdjipjen fan de Wielen moat de tagong ta Langwar better en oantrekliker wurde. It sân dat út de boaiem komt, wurdt brûkt by de oanlis fan it knooppunt op De Jouwer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)