Eksposysje T-rex Time ferlingd

05 nov 2014 - 11:50

De eksposysje "It's T-rex Time!" yn Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert wurdt mei in wike ferlingd. De eksposysje mei de bekende Tyrannosaurus Rex luts yn in koart skoftke tiid al mear as 15.000 besikers nei it museum. De populêre dino soe oant 16 novimber te sjen wêze yn Ljouwert, mar stiet no in wike langer yn it museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)