Salverdaskoalle yn Wûns ticht

05 nov 2014 - 11:45

De Salverdaskoalle yn Wûns giet oan de ein fan dit skoaljier ticht. De kristlike basisskoalle hat mei 22 bern te min learlingen, de noarm stiet op 23 skoalbern. Ek de prognoaze foar it kommende skoaljier liket min.

De fiif learkrêften bliuwe oan it wurk, sy wurde troch de ûnderwiiskoepel De Greiden op oare skoallen pleatst. Fiif learlingen geane takom jier nei it fuortset ûnderwiis. De oare bern sille tenei nei skoallen yn Wytmarsum, Skettens, Makkum of Eksmoarre moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)