Mylpeal foar Marrekrite

Alle Fryske gemeenten op it fêstelân binne sûnt koart lid fan rekreaasjeskip De Marrekrite. Foar it earst yn 50 jier nimme alle gemeenten diel. Allinnich de Waadeilânnen dogge net mei. De organisaasje wurke yn it ferline allinnich foar de wettertoerist en dat bestjutte dat in soad gemeenten bûten de boat foelen. De Marrekrite bekroadet him no ek om de lânrekreaasje. It giet dan om fyts- en kuierpaden en oare fasiliteiten foar de rekreant. Menameradiel ûndertekene as lêste.
Rekreaasjeskip De Marrekrite hat in mylpeal berikt. De organisaasje is der yn slagge om foar it earst yn 50 jier alle Fryske gemeenten op de fêste wâl lid te meitsjen. .