Noed oer flekswet yn ûnderwiis

Underwiis © Omrop Fryslân
Basisskoallen moatte ynterne fleksibiliteit en saneamde ferfangingspools brûke om sykte of ferlof op te fangen. Dat sei minister Lodewijk Asscher tiisdei nei oanlieding fan fragen fan Twadde Keamerlid Pieter Heerma fan it CDA. Heerma makket him soargen oer de gefolgen fan de nije flekswet foar it basisûnderwiis. Dy wet ferplichtet wurkjouwers om minsken nei trije tydlike kontrakten yn fêste tsjinst te nimmen. Fryske basisskoallen wurkje faak mei ynfallers om sykte en ferlof op te fangen. Der is gjin jild om dizze minsken yn tsjinst te nimmen.
Neffens Asscher is der yn de nije wet just romte hâlden foar spesifike wurksumheden lykas ynfalle. Skoallen meie dan langer gebrûk meitsje fan opropkontrakten. De minister hat tasein skoallen te helpen by it opsetten fan sa'n ferfangingspool.