Muzyk per sekonde te keap

It muzykstik dat skreaun wurdt foar it 50-jierrich jubileum fan it Frysk Keamer Orkest moat troch sponsors betelle wurde. Sa hopet it orkest de kosten fan it stik, sa'n 6000 euro, byinoar te krijen. Minsken kinne sekonden of minuten sponsorje. Foar 50 euro komt der 7,5 sekonde muzyk op papier te stean. Bedriuwen kinne ek hiele minuten sponsorje. It stik dat troch komponist Tjalling Wijnstra skreaun wurdt, duorret 15 minuten en is nei de útfiering yn novimber te brûken troch amateurselskippen.