Spaansenterrein gjin overloop

De ried fan Harns hat tsjin it foarstel fan it kolleezje stimd om it âlde Spaansenterrein as 'overloop parkearterrein' te brûken by drokke toeristedagen. Der is te min parkearromte op drokke dagen. It kontrakt mei it hjoeddeistige overloopterrein rint 4 desimber ôf en kin neffens de wethâlder net ferlingd wurde.
Amendeminten dy't it kolleezje opdracht joegen oare mooglikheden te ûndersykjen, hellen it net. It probleem is dus net oplost. It kolleezje moat mei in nij plan komme. De sluting fan it hjoeddeistige overloopterrein giet wol troch.
Neffens de fraksjefoarsitter fan de VVD, Gerrit-Jan de Vries, hat it kolleezje fan B&W net dúdlik west oer de parkearproblematyk. Wethâlder Harry Boon leit it probleem by de gemeenteried. "It kolleezje wie dúdlik, mar de ried moast ús de opdracht jaan en dat is net slagge."