Fryske B&B's net de bêste

Bêd en Brochje Lytshuis Zilver yn Peazens-Moddergat © www.lytshuiszilver.nl
De bêd en brochjes Lytshuis Zilver yn Peazens-Moddergat en Linde Zathe yn Nijlân binne der net yn slagge de Nederlânske Bed en Breakfastpriis 2014 te winnen. De twa wienen mei in bêd en brochje yn Limboarch yn de race foar de titel. Dy lêste wûn de priis. De útslach waard tiisdeitejûn bekend makke yn Lythuis Zilver yn Peazens-Moddergat.
It giet om in inisjatyf fan De Pronkkamers, in lanlike organisaasje dêr't sa'n santich bêd en brochjes by oansletten binne.