Harns wol opnij Tall Ships

De gemeenteried fan Harns stimt yn mei it opnij oanmelden fan de stêd as startplak foar de Tall Ships Races. Yn in moasje dy't de VVD yntsjinne hat wurde boargemaster en wethâlders frege Harns oan te melden foar de edysje fan 2018.
Alle oare partijen stypje de moasje, útsein Harlinger Belang en GrienLinks. It kolleezje sil de moasje útfiere, ek al binne boargemaster en wethâlders it der net allegearre mei iens. Harns wol op syn meast fiif ton bydrage oan de races. Dy waarden dit jier ek al fanút de stêd hâlden.
De gemeenteried wol ek graach dat de organisaasje fan de Kulturele Haadstêd en de provinsje de Tall Ships Races finansjeel stypje. Kommissaris Jorritsma hat boargemaster Sluiter fan Harns witte litten dêr noch gjin tasizzings oer dwaan te kinnen. It beslút fan de ried moast tiisdeitejûn naam wurde omdat it oanmelden foar it kommend wykein moat.