Skylge: Wassink boargemaster

04 nov 2014 - 19:22

De gemeenteried fan Skylge wol Bert Wassink as nije boargemaster. Wassink (57) is no wethâlder foar GrienLinks yn de gemeente Aa en Hunze. Earder wie er ûnder oare oan it wurk as gemeentesiktaris en riedsgiffier. Hy wurdt de opfolger fan Rob Bats, dy't tydlik boargemaster fan it eilân is neidat Jurrit Visser ferline jier fanwege sûnensredenen opstapte.

Der sollisitearren 31 minsken nei de funksje. De gemeenteried hat tiisdeitejûn yn in ekstra riedsgearkomste unanym besletten Wassink by de minister foar te dragen as nije earste boarger.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)