Riis wurket oan wolkom

Acht froulju út Riis hawwe in wurkgroep oprjochte dy't de asylsikers dy't yn it doarp komme in waarm wolkom jaan wol. De froulju tinke dêrby oan in blomke op tafel, in ynformaasjeboekje oer it doarp of it organisearjen fan in wolkomstdei.
Earder dizze wike waard bekend dat it COA op syn meast 500 asylsikers ûnderbringe wol yn it gebou Mooi Gaasterland. Dat nijs smiet in soad negative lûden op yn it doarp. De froulju wolle no in oare kant fan Riis sjen litte. Sy fine 500 ek in hiel soad, mar wolle de asylsikers wol in waarm wolkom jaan.