Wurkskip yn beslach naam

De Onderzoeksraad voor de Veiligheid hat it sonken wurkskip dat in wike lyn op de Iselmar fergie, yn beslach naam. Der sil mooglik ûndersyk dien wurde nei de oarsaak fan it ûngelok. It sleperke wie fan Harns ûnderweis nei it Brabânske Zevenbergen. Neidat se de sluzen fan Koarnwertersân troch wiene, sloegen de beide broers oan board alarm omdat it skip wetter makke. It sonken skip waard ter hichte fan Den Oever fûn. Ien opfarrende waard tongersdei fûn, nei de oare wurdt no al dagen socht. Woansdei wurdt fierder socht mei sonarboat en helikopter.