"Fytspaad by Trekwei nedich"

04 nov 2014 - 16:16

Kollumerlân wol in fytspaad njonken de Trekwei, de dyk tusken Dokkum en Gerkeskleaster. Dat seit wethâlder Jelle Boerema yn reaksje op it nijs dat de Trekwei de ien nei ûnfeilichste provinsjale dyk fan Fryslân is yn in ANWB-ûndersyk. De dyk is koartlyn opknapt mei as doel him feiliger te meitsjen. Mar dat is noch net genôch, fine de dielnimmers oan it ANWB-ûndersyk.

As ûnfeilichste dyk fan Fryslân komt de dyk tusken Ljouwert en Boalsert út de bus. Foaral de krúspunten by Wommels wurde ûnfeilich neamd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)