Nordwin plantet fruitbeammen

04 nov 2014 - 14:28
  • Learlingen fan it Nordwin Kolleezje plantsje fruitbeammen
  • Untwerp fan Tobias Rehberger foar de útwreiding fan Bosk fan Ypey

Learlingen fan it Nordwin Kolleezje yn Ljouwert binne dwaande mei it plantsjen fan fruitbeammen yn Tobias' Tún. Dat is in nij ûnderdiel fan it park Vijversburg by Tytsjerk, ek wol Bosk fan Ypey neamd. De nije tún is in ûntwerp fan de Dútske keunstner Tobias Rehberger.

De beammen moatte nei ferrin fan tiid ien gehiel wurde, dêr't de besikers al hofkesjongend ûndertroch rinne kin. Safier is it no noch net, want tiisdei en woansdei wurde de earste 85 beammen plante. De learlingen krije yn 't foar ynstruksje fan in dosint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)