"Oranje ferlykber mei Riis"

04 nov 2014 - 12:16

Om de komst fan asylsikers nei Riis súksesfol ferrinne te litten, moat bot ynvestearre wurde yn saken lykas draachflak en kommunikaasje. Dat seit waarnimmend boargemaster Ton Baas fan Midden-Drenthe. Yn it doarpke Oranje - sawat like lyts as Riis - soenen 1400 asylsikers ûnderbrocht wurde. Nei fûle protesten hat de gemeente dêr in stokje foar stutsen. Baas seit him wol wat foarstelle te kinnen by de ûnrêst dy't yn Riis ûntstien is.

De ynwenners fan Riis wachtsje ôf oft der wier fiifhûndert asylsikers yn Mooi Gaasterland húsfestige wurde. Salang't der noch gjin kontrakten tekene binne, hawwe guon ynwenners de hope dat de flechtlingen dy't it COA yn it monumintale gebou festigje wol der net komme. Se fine it tefolle foar it doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)