Ynbrekkers út it reid helle

Plysje-embleem © ANP
Twa minsken binne moandei yn Boalsert troch de plysje út it reid helle nei in ynbraak. De plysje krige in melding fan twa persoanen yn in boatsje dy't yn de Wytmarsumer Feart rjochting de miljeustrjitte oan it farren wienen. Doe't se werom fearnen, waarden se troch de plysje oanroppen. Se dûkten it wetter yn. Nei in oere waarden se fûn yn it reid. It giet om in man fan 36 út Harns en in man fan 46 út Skettens. Yn it boatsje lei in meanmasine en in koffer foar ark.