Legere priis foar molke

04 nov 2014 - 09:51
  • Melke

De priis fan molke foar boeren is flink nei ûnderen gien. FrieslandCampina hat de priis foar novimber bepaald op 34,50 foar 100 kilo molke. Dat is 2,50 leger as de priis yn oktober. FrieslandCampina hat dat dien omdat it konsern ferwachtet dat de molkprizen fan de measte referinsjebedriuwen yn novimber ek nei ûnderen gean.

Wrâldwiid bliuwt it oanbod fan molke heech, wylst de fraach achterbliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)