Toskpoetswike op skoallen

04 nov 2014 - 07:46
  • Poetsles op skoalle

GGD Fryslân en ROC Friese Poort hâlde foar it earst mei-inoar in Fryske toskpoetswike. Studinten fan de oplieding toskedokterassistint gean by sechstjin skoallen del. Dêr jouwe se poetsles oan fjirtich groepen learlingen. De GGD freget mei de aksje omtinken foar in goede fersoarging fan it gebit by bern. Dat betsjut twa kear deis toskboarstelje en ek twa kear yn it jier nei de toskedokter.

Earder wie de toskpoetswike in lanlike aksje, mar om't de sponsor him weromluts, is dat ophâlden.

Dêrom hat GGD Fryslân no gearwurking socht mei ROC Friese Poort.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)