Wetter oplossing by ierdbeving

03 nov 2014 - 20:25
  • Ierdbevings yn Grinslân soargje foar in soad skea

Wetter kin in ein meitsjen oan de ierdbevings yn Grinslân. Dat tinkt Gerrit Wigger fan Sint Nyk. Wigger, âld-meiwurker fan de NAM, is derfan oertsjûge dat de ierdskokken ophâlde troch op grutte skaal wetter yn de grûn te pompen. De drukferskillen dy't ûntstean troch it winnen fan gas, wurde op dy wize fuortnommen.

It plan fan Wigger kriget stipe fan in groep Fryske ûndernimmers. Wigger is ek yn petear mei de NAM.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)