Spitse kampioen yn Noarwegen

Fuotbalster Sherida Spitse út Snits is sneon kampioen wurden mei har klup Lillestrøm. De lêste wedstriid fan de kompetysje waard mei 3-0 fan nûmer twa Stabaek. Dêrtroch is Spitse mei har ploech kampioen fan Noarwegen. De Snitser komt sûnt 1 jannewaris út foar de klup út Noarwegen. Dêrfoar spile se by FC Twente en SC Hearrenfean.
It wie sawiesa in moaie wike foar Spitse. Tongersdei wûn se mei it Nederlânsk frouljusalvetal fan Skotlân, wêrtroch se ticht by it wrâldkampioenskip is. "Hjir dogge je it allegear foar", sa seit Spitse.