Haaiekonferinsje yn Ljouwert

03 nov 2014 - 15:29

Hegeskoalle Van Hall Larenstein sil fan freed oant snein yn gearwurking mei de Nederlandse Elasmobranchen Vereniging en de Dutch Shark Society in trijedaachse konferinsje oer haaien en roggen hâlde. Wittenskippers presintearje de nijste ûntwikkelings op it mêd fan de seebisten. Ek wurde natuerbeskermers en beliedsmakkers frege om mei te tinken oer in better behear fan haaien en roggen yn de takomst.

It giet nammentlik net goed mei in soad fan dizze bisten. Benammen soarten dy't yn de Noardsee libje, hawwe it dreech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)