500 asylsikers nei Riis

03 nov 2014 - 15:21

It COA wol de kommende fiif jier op syn meast 500 asylsikers ûnderbringe op de lokaasje Mooi Gaasterland yn it doarp Riis. It COA hat hjir de gemeente De Fryske Marren moandei oer ynformearre. It COA ferwachtet op tige koarte termyn in oerienkomst te sluten mei de eigener fan Mooi Gaasterland. De earste asylsikers komme ein dit jier of oars begjin 2015 nei Riis.

Foar de festiging fan in asylsikerssintrum is gjin wiziging fan it bestimmingsplan nedich. It COA komt wol mei in bou-oanfraach foar ferskate oanpassings.

De gemeente De Fryske Marren hat moandeitemiddei kontakt opnommen mei de Doarpsbelangen fan Bakhuzen, Murns en Riis om harren oer it beslút te ynformearjen. Ek komt der in mienskiplike ynformaasjejûn foar de ynwenners fan Riis, organisearre troch de gemeente en it COA.

Yn de nacht fan snein op moandei waarden ferskate spandoeken tsjin de komst fan asylsikers troch ûnbekenden fuorthelle. Doarpsbewenners joegen earder oan net mear as 50 asylsikers ûntfange te wollen. Riis hat sa'n 170 ynwenners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)