Man rydt yn auto mei GHB

03 nov 2014 - 14:25
  • GHB

De plysje yn Ljouwert hat sneintejûn in automobilist (27) oanhâlden omdat hy mei drugs op achter it stjoer siet. De plysje krige in melding dat de man ûnder ynfloed wie fan GHB en sa fuortride woe. Doe't de plysje oankaam, seagen se de man riden yn de Van Cronenburghstrjitte. Hy waard oan 'e kant set. Ut kontrôle die bliken dat it rydbewiis fan de man net mear jildich wie en dat hy sichtber ûnder ynfloed fan drugs wie. Der is in bloedproef ôfnaam.

Syn auto en ferskate fleskes mei GHB binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)