Ravaazje yn fersoargingshûs

03 nov 2014 - 14:15

In betize man fan 50 jier út It Hearrenfean hat sneintejûn foar in ravaazje soarge yn in fersoargingstehûs op De Gordyk. De man spuite brânblussers leech, sette in brânslang oan en fernielde in televyzje fan in bewenner. Dêrneist fernielde de man in rút fan in parkearde auto.

De man naaide út, mar de plysje koe him op de N392 fan De Gordyk nei Lúkswâld oanhâlde. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)