Monoksidefergiftiging oanpakke

03 nov 2014 - 12:50

Erkende Fryske ynstallaasjebedriuwen binne net fernuvere oer de útkomst fan in ûndersyk fan it EO-programma 'Dit is de Dag' nei it tal slachtoffers fan koalmonoksidefergiftiging. It tal slachtoffers troch in min ynstallearre of min ûnderhâlden geiser nimt ôf, wylst it tal fergiftings troch in cv-tsjettel tanimt.

Neffens de Brânwacht Nederlân ûntbrekt der wetjouwing oer de ynstallaasje fan cv- en gasynstallaasjes. De erkende ynstallateurs wolle dat de oerheid wer easken stelt oan de kwaliteit fan ynstallateurs.

De útstjoering fan 'Dit is de Dag' is moandeitejûn te sjen op NPO2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)