Mear gasten foar brune float

03 nov 2014 - 12:37
  • Brune float op Eastsee ûnwis

It giet wer goed mei de brune float. Der ha dit jier folle mear gasten op de skippen west as ferwachte. It giet om benammen Dútsers en toeristen út eigen lân. De skippers wienen pessimistysk, omdat de ôfrûne jierren, saaklik sjoen, striemin wienen.

Mar alle 70 skippen fan de Verenigde Bruine Zeilvaart Harlingen ha dit jier dus goed buorke en de takomst sjocht der ek posityf út, want der binne al in soad reservearrings foar 2015.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)