Bytsje mear kij yn 'e greide

It tal melkkij dat yn de greide rint, is ferline jier mei sa'n 40.000 tanaam. Yn prosinten is dat lykwols net werom te sjen, ek omdat de feestapel groeide. Yn it jier 2013 rûn sa'n 70 % fan de kij simmerdeis geregeld bûtendoar en dat is likefolle as yn 2012. De ynspannings fan de sektor om kij yn it lân te hâlden hawwe der ta laat dat it persintaazje net mear sakket.
It SIntraal Buro foar de Statistyk hat de sifers moandei bekend makke. Trend is wol dat de saneamde 'greidegong' by lytse bedriuwen mear foarkomt as by grutte.
Der binne yn Nederlân mei-inoar oardel miljoen kij op sa'n 18.700 melkfeehâlderijen.