Man hat drugs, wapens yn auto

03 nov 2014 - 10:35

In 27-jierrige Ljouwerter is sneintejûn oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed fan drank of drugs en it yn besit hawwen fan wapens én drugs. De man waard op de Van Cronenburghstrjitte yn syn wenplak oan kant set. De man hie gjin rydbewiis.

Yn de auto fûn de plysje drugs en in ploertedeader. Der is by de man in bloedproef ôfnaam. De Ljouwerter sit noch fêst. It wapen en de drugs binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)