Spandoeken Riis fuorthelle

03 nov 2014 - 10:10
  • Spandoek yn Riis tsjin komst tefolle asylsikers

De trije spandoeken dy't sneon yn Riis ophongen waarden tsjin de mooglike komst fan in grutte groep asylsikers yn it doarp, binne sneintenacht troch ûnbekenden fuorthelle. Mei de spandoeken makken ynwenners fan Riis dúdlik dat se 300 asylsikers te folle fine foar in doarp mei 175 ynwenners. Op de spandoeken stie dat 50 asylsikers wol wolkom binne.

De gemeente De Fryske Marren hie tasein de spandoeken foarearst hingje te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)