Nije top op stedhûs Harns
By de renovaasje fan it stedhûs fan Harns is moandeitemoarn betiid letterlik en figuerlik de kroan op it wurk set. Op de 25 meter hege toer fan it stedhûs is in saneamde makelder pleatst. Dat is de top fan 'e toer mei in leaden bekroaning. Troch de hurde wyn like it in drege klus te wurden, mar mei in grutte kraan waard de makelder sûnder problemen nei boppe takele.
De folsleine renovaasje fan it stedhûs moat healwei desimber klear wêze.