Rixt Meijer wint massasprint

Rixt Meijer wint massasprint © awfoto.nl
Rixt Meijer hat op it iis fan Thialf de seleksjewedstriid massasprint wûn. By de manlju gong de winst nei Gerben Jorritsma fan Diever. Foar Rixt Meijer wie it de útsetter fan in prachtich sportwykein. Op it NK ôfstannen ried se persoanlike rekôrs op de 3000 en 5000 meter en yn Utrecht wûn se sneontejûn de tredde maraton om de maraton cup. Yn de massasprint, in lytse maraton oer 16 rûntsjes, wiene plakken yn de foarseleksje foar de wrâldbekerwedstriden te fertsjinjen. Arjan Stroetinga waard by de manlju twadde, ek hy sit yn de foarseleksje.
Yn dy seleksje sitte ek Ireen Wüst, de winneres fan de 3000 meter en Sven Kramer, de winner fan de 5000 meter.