Bergsma oppermachtich op 10km

02 nov 2014 - 17:19

Jorrit Bergsma fan Aldeboarn hat snein de 10 kilometer wûn by it NK ôfstannen yn Thialf mei in tiid fan 12.59,16. De Olympysk kampioen ried tsjin Sven Kramer, dy't in tiid klokte fan 13.23,73.

Yn de lêste rit moasten Jan Blokhuijsen en Bob de Jong it tsjin elkoar opnimme. Se kamen net oan de tiid fan Bergsma. De Jong klokte in twadde tiid fan 13.07,98. Blokhuijsen stapte yn de slotronden fan it iis om't er te folle lêst fan de rêch hie. It sulver wie foar Erik Jan Kooiman mei 13.09,84.

Sven Kramer einige úteinlik as njoggende.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)