Leenstra wer de bêste op 1000m

02 nov 2014 - 14:55
  • Poadium froulju 1000 meter op NK ôfstannen mei winner Marrit Leenstra
  • Marrit Leenstra en Rixt Meijer
  • Marrit Leenstra op NK ôfstannen

Marrit Leenstra fan Wikel pakte snein it goud op de 1000 meter by de NK ôfstannen yn Thialf. Op har ôfstân wie Leenstra de rapste yn in tiid fan 1.15,17. Dêrmei prolongearre se har titel en pakte boppedat foar de fjirde kear de Nederlânske titel op de 1000 meter.

It sulver wie foar Ireen Wüst, dy't yn in streekrjocht duel mei Leenstra in tiid klokte fan 1.15,28. It brûns gong nei Laurine van Riessen, dy't de klok stil sette op 1.16,59.

Letitia de Jong fan Feanwâlden einige mei in pr fan 1.16,85 op in knap sechsde plak. Janine Smit pakte yn har wenplak ek mei in pr it sânde plak yn 1.16,94. Margot Boer fan Goaiïngaryp waard achtste mei 1.17,06. Manon Kamminga fan It Hearrenfean folge op it njoggende plak mei 1.17,07.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)