Slidehûnen yn training

De huskys fan Sandra Berendschot út Drachten binne yn training foar in grutte wedstriid yn de Frânske Alpen yn jannewaris. De wedstriid De Vercors Quest bestiet út fjouwer dagen yn de snie drave oer 150 kilometer mei bivak derby. Dat betsjut ien nacht bûten by de hûnen sliepe.
Eins is it te waarm foar de hûnen en dêrom drave se snein yn de bosken fan Appelskea net mear as 5 kilometer. De acht slidehûnen helje sa'n 26 kilometer yn de oere.